Gemeente skrast jûn Huzum-West

15 apr 2009 - 09:46

De gemeente Ljouwert hat tiisdei in byienkomst oer wykferbetteringsplannen foar de wyk Huzum op it lêste momint skrast. Oanlieding hjirfoar wie de dea fan it echtpear Ritske en Ria Ronner.

It gebou fan buertferiening De Vluchtheuvel wie wol gewoan iepen foar buertbewenners dy't mei-inoar in praatsje meitsje woene. Sa'n tsien wykbewenners ha fan dizze gelegenheid gebrûk makke. Ritske en Ria Ronner waarden tiisdei dea oantroffen yn har wenning oan de Lievensstrjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)