Ljouwerter oppakt om bedriging

15 apr 2009 - 09:36

De plysje yn Ljouwert hat moandeitenacht op de Keizerskroon in Ljouwerter (28) oanholden op fertinking fan bedriging. De man holde him op yn in tún en woe op fersyk fan de bewenners net fuort gean.

Dêrop waard de plysje belle en dy helle de Ljouwerter ûnder twang út de tún op de Keizerskroon. Op strjitte makke de man in soad leven en hy bedrige de plysjeminsken ferbaal. De Ljouwerter is nei in wrakseling mei naam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)