D66: 'erfpacht wer ynfiere'

15 apr 2009 - 07:04

As gemeenten de erfpacht op 'e nij ynfiere, wurdt de wenningboumerk wer op gong holpen. Yn dat systeem keapet de gemeente de grûn en freget dêrfoar jierliks in lytse hierpriis oan de eigner fan it hûs dat dêr op stiet.

Dat sei D66 foarman Hayo Apotheker tiisdeitejûn yn Drachten op in gearkomste fan D66. In keaper hoecht dan 30.000 oant 50.000 euro minder te lienen by de bank. De ôfdieling besiket yn 2010 op 'e nij yn de gemeenteried te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)