Nije spoarferbining djoerder

14 apr 2009 - 23:18

It plan foar in treinferbining tusken It Hearrenfean, Drachten en Grins wurdt goed 70 miljoen euro djoerder. De oanlis soe no gjin 580, mar 650 miljoen euro kostje. Dat docht bliken út in neier ûndersyk.

De ekstra kosten hawwe te krijen mei oanpassings fan it spoar by de besteande treinstasjons fan It Hearrenfean en Grins. Deputearre Adema is lykwols fol fertrouwen dat de nije spoarferbining der komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)