Turnsters Aruba op It Fean

Jong Arubaansk turntalint op it Hearrenfean
De Arubaanske turnseleksje traint fan 8 oant 17 april yn de turnhal fan Sportstêd Hearrenfean. Dat is mooglik troch in gearwurking tusken de CIOS-turnklasse en de turnferiening op Aruba.
Aruba hopet ea mei in turnploech op de Olympyske Spelen te stean. Dan moat der noch in soad barre, want de Arubaanske turnbond is noch yn oprjochting. Freed giet de turnseleksje werom nei Aruba.