It Fean wol in bobslydbaan

© Omrop Fryslân
Sportstêd Hearrenfean wol foar de ein fan dit jier begjinne mei de bou fan in bobslydbaan. It moat in trainingsbaan wurde dêr't bobsliders in start traine kinne. Yn de takomst soe de baan mooglik by it nije Thialf komme neffens direkteur Tjisse Wallendal fan Sportstêd Hearrenfean.
Sportstêd Hearrenfean krige koartlyn de CTO-status: in sintrum foar topsport en ûnderwiis. Dêrby moat gearwurke wurde mei ferskate sportbûnen yn Nederlân.