Opsterlân foar selsstannigens

14 apr 2009 - 15:58

De gemeente Opsterlân wol selsstannich bliuwe. Dit is de reaksje op de notysje 'taakbewust toekomstbestendig' fan de provinsje. Yn dizze notysje wurdt in relaasje lein mei Smellingerlân en Hearrenfean, wylst Opsterlân it leafst mei de gemeenten East- en Weststellingwerf gearwurkje wol.

Opsterlân hopet dat de provinsje har ynkoarten tegearre mei de gemeenten East- en Weststellingwerf útnoegje sil om ris om tafel te sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)