Sertifikaat foar ballonsintrum

14 apr 2009 - 14:37

It Noardlik Ballonfeartsintrum op 'e Jouwer hat as earste bedriuw yn it noarden it foech om loftballonnen te ûnderhâlden. It bedriuw hat it offisjele Europeeske sertifikaat krigen fan it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat. Eigner Pieter Kooistra hat trije jier dwaande west om it sertifikaat yn hannen te krijen.

By it bedriuw wurkje yn it seizoen 5 piloaten en 20 bemanningsleden. Troch it ekstra ûnderhâldswurk kinne no trije minsken in folsleine baan krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)