Ritsma brekt skouderbonke

14 apr 2009 - 14:27

Rintje Ritsma is tiisdei tidens in promoasjerûntsje op it TT-sirkwy yn Assen hurd ûnderút gien. Nei ûndersyk yn it sikehûs die bliken dat Ritsma de rjochterskouderbonke brutsen hat. De âld-reedrider wol dizze simmer serieus wurk meitsje fan syn nije karriêre.

Ritsma rydt yn it Dutch SuperBike-team fan Bertus Folkertsma en docht mei oan it iepen Nederlânsk kampioenskip. Mei de peaskedagen makke de Lemster syn debút yn dizze klasse op it sirkwy fan Assen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)