Hynstefigen Skier meie bliuwe

© Omrop Fryslân
Minsken dy't mei hynder ûnderweis binne op Skiermûntseach hoege de hynstefigen dy't ûnderweis produsearre wurde net fuortendaliks op te romjen. As it oan boargemaster en wethâlders leit komt dat yn de nije Algemiene Pleatslike Feroardening te stean.
De gemeenteried hie earder besletten dat minsken de stront daliks opromje moasten, mar dat helle protesten út fan 'e eilanner hynste-eigners. Want je kinne net oeral je hynder samar stean litte.