Alvestêdetocht net elektrysk

© Omrop Fryslân
By de Fytsalvestêdetocht op pinkstermoandei is gjin romte foar de elektryske fyts. Dat stiet yn de betingsten fan 'e organisaasje.
De elektryske fyts is populêr. De organisaasje fan 'e Fytsalvestêdetocht sjocht it evenemint as in prestaasjetocht. Dêryn is gjin romte foar de elektryske fyts. Boppedat giet de tocht oer 240 kilometer en dat hellet de elektryske fyts net sûnder opladen. Oan de Fytsalvestêdetocht dogge 15.000 dielnimmers mei.