Wurdt Sollied reade duvel?

14 apr 2009 - 13:43
  • Hearrenfean-trainer Trond Sollied (foto: Martin de Jong)

Hearrenfean-trainer Trond Sollied soe net fuort nee sizze om bûnscoach te wurden fan it Belgyske nasjonale team. De Noarske trainer seit dat yn de Belgyske krânte La Dernière Heure. "Gewoanwei sil ik ea bûnscoach wurde fan Noarwegen, mar ik wol noch eltse dei op it fjild stean", sa seit Sollied.

Omdat Sollied 8 jier yn België wenne hat liket it him wol wat om trainer by de Belgen te wurden. Sa hat hy trainer west fan Club Brugge en AA Gent.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)