Frysk yn MBO-opliedings

© Omrop Fryslân
De provinsje hâldt dizze wike de jierlikse wurkgelegenheidsenkête. Dit kear is der ekstra omtinken foar it brûken fan de Fryske taal en it ferlet fan Frysktalige meiwurkers. It kolleezje fan deputearre steaten wol graach ynsicht ha yn de fraach nei Frysktalige meiwurkers op MBO-nivo.
Sa'n 90 prosint fan de learlingen fan de regionale opliedingssintra bliuwt nammentlik nei de oplieding yn Fryslân wenjen en wurkjen.