Echtpear dea fûn yn Ljouwert

14 apr 2009 - 10:22
  • In team fan resjersjeurs ûndersiket de fynst fan 'e twa deaden (foto: Robert Jan Boonstra)
  • De parse waard op ôfstân hâlden

In team fan 25 resjersjeurs ûndersiket op dit stuit de dea fan twa Ljouwerters. De stoflike omskotten fan de 71-jierrige man en de 66-jierrige frou waarden tiisdeitemoarn fûn yn in wenning oan de Jan Lievensstrjitte.

De technyske resjerzje is dwaande mei in spoare-ûndersyk yn en om de wenning. Ek sil der in buertûndersyk hâlden wurden en mei belutsenen en tsjûgen praat wurde. De omjouwing fan de wenning is fanwege it ûndersyk ôfset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)