Seis ferwûnen by ûngelok

Seis wurknimmers fan in plomfeebedriuw fan De Harkema binne tiisdeitemoarn betiid ferwûne rekke by in ûngelok op de A28. It ûngelok barde om fiif oere hinne by De Punt. Yn in bocht by de ôfslach Eelde ried it buske, dêr't de manlju yn sieten, rjochttroch. It rekke yn de berm en kaam tsjin in beam ta stilstân. Twa fan de seis ynsittenden moasten mei de ambulânse nei it sikehûs, de oaren rekken licht ferwûne.