LTO wol taslach earder ha

© Omrop Fryslân
Minister Verburg fan Lânbou moat melkfeehâlders helpe troch de bedriuwstaslach al yn augustus út te beteljen, yn stee fan ein dit jier. Dat wol de LTO. De boere-organisaasje wol ek mei de banken prate om boeren troch de krisis te helpen.
Probleem is de lege molkpriis. Dy leit op 23 sinten. By 40 sinten kinne de boeren pas priisdekkend wurkje. Boeren driigje no yn de problemen te kommen. Melkfeehâlders fiere hjoed en woansdei aksje yn Den Haach.