Aaipopbesiker hieltyd âlder

13 apr 2009 - 16:55

It jierlikse Aaipopfestival foar Frysktalige popmuzk ferwachtet 2500 besikers. Dit jier is it festival yn Nijlân foar de 22e kear. It wie oan it begjin fan 'e middei noch net útferkocht. Doe wiene 2000 kaarten oer de toanbank gien.

Opfallend is dat in grut part fan 'e kaarten al yn 'e foarkeap ferkocht is. Fierders wurde de besikers yn trochsneed hieltyd âlder. Aaipop giet de jûn fan peaskemoandei noch de hiele jûn troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)