Winst Harkemase Boys op Berkum

13 apr 2009 - 16:38

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat peaskemoandei op sportparkt De Bosk mei 4-2 wûn fan Berkum út Zwolle. De oerwinning kealle wol swier. De Harekiten kamen yn 'e earste helte ferrassend op in 2-0 efterstân. Oebele Schokker, Martin Barto, Dennis Loer en Jelmer Slager soargen úteinlik foar in 4-2 einstân.

Harkemase Boys hat no 45 punten út 21 wedstriden, likefolle as HHC Hardenberg, mar mei in wedstriid minder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)