Rintje debutearret op de motor

Ald-reedrider Rintje Ritsma makket syn debút yn 'e motorsport. Op it TT-sirkwy yn Assen docht er mei by de Dutch Superbikes, de allerswierste motorklasse. Ritsma (39) komt op syn Suzuki út foar it T for Telecom Dutch SuperBiketeam.
De reedrydwrâldkampioen docht it goed yn 'e motorsport. Tusken de absolute top pleatste er him peaskesnein krekt net foar de race fan peaskemoandei. By de wedstriid binne punten te fertsjinjen foar it iepen NK.