Mear heger beroppen Ljouwert

It Gerjochtshôf yn Ljouwert
It Gerjochtshôf yn Ljouwert hat yn 2008 folle mear saken behannele as earder. Der binne 20 prosint mear famyljesaken, fierwei it grutste part dêrfan jeugdsaken. Dêrby giet it bygelyks om úthûspleatsings.
Troch skokkende saken lykas de dea fan it famke Savannah is jeugdsoarch folle alerter op misstannen. Dat smyt mear rjochtsaken op en by dat soart saken wurdt faker keazen foar heger berop. Ek dit jier hat it Ljouwerter Hôf mear saken te behanneljen.