Nederlân wint JWC kuorbal

12 apr 2009 - 18:41

De kuorballers fan Nederlân ha sneintemiddei mei gemak de finale wûn fan de Junior World Cup 2009. Op dit WK foar spilers oant 19 jier wie België yn de finale yn sportkompleks It Kealledykje gjin partij. Nei in meagere 5-1 stân by it skoft, wie Nederlân yn de twadde helte folle better. Einstân 15-3.

Sineesk Taipei waard troch in 15-7 oerwinning op Ingelân tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)