Iensidich ûngelok yn Drylts

12 apr 2009 - 15:57

De plysje hat sneontejûn in ûndersyk ynsteld nei in iensidich ûngelok op de Súdwesthoeke yn Drylts. Ut in melding die bliken dat in auto yn it wetter telâne kaam wie. Twa persoanen wiene út de auto klommen en dêrnei útnaaid.

De brânwacht en ambulânse wiene ek op it plak, omdat it fermoeden bestie dat der noch minsken yn de auto sitte koene. Dûkers fan de brânwacht ha it wetter en de auto trochsocht, mar net ien fûn. It die bliken dat twa auto's mei inoar oan it racen wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)