Lytse Priis ek yn Makkum

De webside fan de Lytse Priis
Mei de foarrondes achter de rêch makket de Lytse Priis fan Fryslân him klear foar de kommende heale finales. Op freed 24 en sneon 25 april binne de earste twa heale finales yn Iduna yn Drachten en The Legend yn Snits.
De tredde heale finale is op 26 april. Dit bart op it terrein fan jongereinkeet Us Stek yn Makkum. Op dy wize kin de jongereinkeet him profilearje troch plak te bieden oan in popkonsert, wêrtroch't dizze in foarbyld wurdt foar oare jongereinketen.