Liet: Carolien wer nominearre

Sjongeres Carolien
Op de twadde foarronde fan Liet 2009 yn Easterwâlde wie der foar it twadde jier achterinoar in nominaasje foar de jonge Stellingwerver sjongeres Carolien Hunneman. Sy makke mei it ferske Zoemer in Frieslaand de nedige yndruk op de sjuery.
De oare twa nominaasjes giene nei de Drachtster sjonger Ebele Wybenga en nei de nije Fryske band dEROELS. By dizze band waard de sang fersoarge troch Hedzer Tijtsma, ferline jier twadde op Liet mei de band Ljoubjr.