Man oanholden nei oanriding

© Omrop Fryslân
De plysje yn Dokkum hat sneontemoarn betiid in 20-jierrige ynwenner fan Damwâld oanholden yn ferbân mei it feroarsaakjen fan in oanriding en it riden ûnder ynfloed. Tsjûgen seagen de auto fan de fertochte sûnder ferljochting riden op de Murmerwâldsterdyk yn Dokkum.
De man rekke op dizze dyk in ferkearsboerd en dy kaam dêrtroch midden op de dyk te lizzen. Nei in syktocht waard de man út Damwâld yn it sintrum fan Dokkum oantroffen.