'Mear ierdgas-folstasjons'

11 apr 2009 - 12:44
  • Deputearre Piet Adema

It tal folstasjons foar auto's dy't op ierdgas ride, sil op koarte termyn op syn minst ferdûbelje. Dat hat depurearre Piet Adema freed sein nei in gearkomste mei bedriuwen dy't oerstappe wolle op duorsume brânstof.

Op dit stuit telt Fryslân trije folstasjons foar ierdgasauto's, twa yn Ljouwert en ien yn Drachten. Troch jild fan it Ryk komme dêr foar septimber 2010 noch trije by. Ek dêrnei sil de provinsje mear folpunten realisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)