Natuersintrum Amelân al iepen

© Omrop Fryslân
De offisjele iepening is pas op 25 juny, mar sûnt freed kinne minsken al terjochte yn it natuersintrum op It Amelân. Ek it maritym sintrum yn Hollum op it eilân iepene op Goedfreed al syn doarren.
De sintra wolle oefenje oft alles wat se betocht ha, wol goed wurket. Omdat de ferbouwing noch net klear is, kinne besikers noch net yn alle romtes fan de musea telâne. Allinnich freed ha al goed hûndert minsken it natuersintrum besocht.