RG en FRgast winne rapkriich

11 apr 2009 - 12:30

RG en FRgast út Damwâld ha freedtejûn yn Drachten de finale wûn fan de Fryske Flow '09. It gie hjir om in rapwedstriid fan de Fryske jongereinstjoerder Froeks TV.

De rappers út Damwâld wiene neffens de sjuery de meast orzjinele kandidaten, dy't har eigen plan meitsje en har neat oanlûke fan de hiphop út it Westen. RG en FRgast krije no in fideoklip oanbean en in optreden op it Ljouwerter befrijingsfestival. De publykspriis gong nei Nadia Stylow.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)