Brângefaar Friesland Foods

De brânwacht fan Kollum moast sneontemoarn yn aksje komme by Friesland Foods yn Gerkeskleaster. Der kaam reek út de poeiertoer fan de fabryk. De temperatuer wie te heech oprûn wêrtroch't it alaarm ôfgongen wie.
De meiwurkers warskôgen foar alle wissigens de brânwacht, mar dy hoegde net yn aksje te kommen. It die achterôf bliken dat de silo wol te hyt wurden wie, mar der is gjin brân útbrutsen.