Earste 3 nominaasjes Liet 2009

11 apr 2009 - 01:48
  • Laurens van der Meulen fan It Langstme en de dea
  • Sjongeres Hermien Swart fan Hallum

It Langstme en de dea, Swartbûnt en it duo Sipke en Sjoukje de Boer waarden op Goedfreed yn Heech troch de sjuery fan Liet 2009 nominearre foar in plak yn de finale op 23 maaie.

De nije band Swartbûnt, in formaasje mei de jonge sjongeres Hermien Swart as middelpunt, makke yndruk mei it liet It sil stoarmje. Sipke de Boer fan Warkum song tegearre mei syn suster Sjoukje it orizjinele nûmer Oars. De tredde nominaasje wie foar It Langstme en de dea mei Wikel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)