Cambuur wint fan Helmond Sport

10 apr 2009 - 22:50
  • Danny Guijt

Sportklup_Cambuur hat freedtejûn trije wichtige punten pakt yn de oanrin nei de neikompetysje. Yn eigen hûs waard mei 2-0 wûn fan Helmond Sport. Jeffrey de Visscher sette de Ljouwerters krekt foar it skoft fertsjinne op 1-0.

Yn de twadde helte gie it dreech by de ploech fan trainer Stanley Menzo, mar úteinlik bepaalde Danny Guijt de einstân op 2-0. Allinnich Haarlem kin SC Cambuur noch fan de neikompetysje ôfhâlde. De Ljouwerters ha lykwols in foarsprong fan 10 punten op Haarlem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)