JWC: 4 lannen oan lieding

10 apr 2009 - 18:31

Nederlân en Ingelân yn groep B en België en Sineesk Taipei yn groep A geane nei de earste dei oan de lieding op de Junior World Cup kuorbal yn sportkompleks It Kealledykje yn Ljouwert. Dizze fjouwer lannen wûnen al har trije wedstriden.

Oan dit WK kuorbal foar spilers oant 19 jier dogge fjirtjin lannen mei. Op peaskesneon wurdt der fierder spile yn de twa groepen. Peaskesnein is finaledei, mei om healwei fiven de striid om it goud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)