Sleepboat is no museumskip

10 apr 2009 - 16:31
  • De sleper is no in museumskip

Foar in soad minsken is De Holland in leginde. As it simmerdeis drok wie, waard de âld-sleepboat fan Skylge ynsetten as fearboat. Mar ek waarden yn de jierren '50 oant '70 fan de foarige ieu mar leafst 200 skippen yn need rêden.

Leafhawwers ha De Holland rêden fan de sloop. No hat it in nij libben as museumskip. It is foar twa miljoen euro opknapt en fart ynkoarten wer út, fanút de haven fan Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)