Ungelok op de A6

© Omrop Fryslân
Op de A6 tusken Eastersee en De Lemmer hat freedtemiddei in oanriding west tusken in persoane-auto en in frachtwein.
De man en de frou dy't yn de auto sieten, rekken beknypt. De brânwacht moast har út de auto befrije. Se binne mei nekklachten nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. De sjauffeur fan de frachtwein mankearre neat. It ûngelok barde om't de frachtweinsjauffeur gjin foarrang ferliend hie.