Bisten út Roemenië by Pantera

Pantera fangt bisten út Roemenië op
By rôfbiste-opfang Pantera yn Nijeberkeap binne freed twa liuwen en twa Australyske dingo's binnenbrocht. De bisten komme út in bistetún yn Roemenië dêr't se net goed fersoarge binne.
Bistewolwêzensorganisaasjes út Amearika en Nederlân hawwe jild sammele om de liuwen en dingo's út de bistetún te heljen en te ferfieren nei Pantera. By de opfang sille se ûndersocht en fersoarge wurde.