Alle war foar behâld aaisykjen

10 apr 2009 - 14:10

It ljipaaisykjen moat foar de takomst goed ferankere wurde. Om dat foarinoar te krijen wol de provinsje de rânen fan de wet opsykje. Allinnich sa kin it ljipaaisykjen ek yn de takomst bestean bliuwe.

It sms-systeem dat dit jier brûkt waard foar de registraasje fan it tal aaien dy't fûn binne, bliuwt bestean. Neffens Konst kin dat net oars om't it oant no ta de iennichste wize is hoe't goed byhâlden wurde kin hoefolle aaien der meinommen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)