Drachtster krijt rol yn GTST

Ferry Doedens
Ferry Doedens (18) fan Drachten krijt in fêste rol yn 'e RTL4-soap Goede Tijden, Slechte Tijden. Hy spilet Lucas Sanders. Dat is de soan fan Stefano Sanders en Janine Elschot.
Ferry Doedens studearret Keunst, Teater en Media yn Grins. Hy waard op syn 16e Nederlânsk kampioen Levend standbeeld en einige yn 2007 by de lêste 18 fan de televyzjetalintejacht Idols. Wannear't Ferry te sjen wêze sil, is noch net dúdlik.