Twa himpkwekerijen ûntmantele

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Ljouwert en Noardburgum twa himpkwekerijen ûntmantele. De plysje kaam de kwekerij op bedriuwepark De Himrik yn Ljouwert op it spoar nei klachten oer in hennepgeur. Yn de loads stienen 130 planten en 132 stekjes.
Nei ûndersyk die bliken dat in ynwenner (62) fan Noardburgum de loads hierde. By him thús waard in al ûntmantele hennepkwekerij fûn. Hy is oanhâlden.