Sintrum helpt minsken oan wurk
De fleanende brigade fan it mobiliteitssintrum Fryslân hat tweintich minsken oan in baan holpen. De brigade begeliedt wurknimmers fan wurk nei wurk.
It is in inisjatyf fan it UWV, de wurkjouwers, it fakbûn CNV, útstjoerburo's en tal fan Fryske oerheden. De partijen wolle der alles oan dwaan om foar te kommen dat mear minsken yn de WW reitsje.