Froulju SC Hearrenfean winne

10 apr 2009 - 09:55

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha tongersdei wûn fan Roda JC. Yn Kerkrade waard it yn blessueretiid 4-3. Grutte frou by de Friezen wie Sylvia Smit dy't trije kear skoarde. Hearrenfean begûn hiel goed. By it skoft stie it 2-1 foar de froulju fan trainer Harry Sinkgraven.

Nei de tee kaam Roda earst op in 3-2 foarsprong. Mar troch treffers fan Leonie van der Velde en Sylvia Smit koenen de Feanster froulju de punten mei nei hûs nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)