Plan foar oaljeslachtoffers

10 apr 2009 - 09:53

Der is foar it earst in rampeplan foar de opfang fan fûgels by in oaljeramp op de Noardsee. De minister fan LNV, de steatssekretaris fan Verkeer en Waterstaat, gemeenten, Rykswettersteat en de fiif kustopfangsintra foar fûgels ha dêr ôfspraken oer makke.

Earder wiene der gjin dúdlike ôfspraken, no wurdt by in ramp ien fan de sintra oanwiisd foar de opfang fan alle fûgels. Rykswettersteat krijt de lieding en betellet de hiele organisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)