Hurdere oanpak loverboys

Justysje wol loverboys hurder oanpakke
Loverboys moatte folle hurder oanpakt wurde. Plysje, justysje, skoallen en tal fan ynstellings tekenen tongersdei in konvenant om dat foarelkoar te krijen. Se wikselje gegevens út sadat de loverboys better yn byld binne.
Dêrneist wolle plysje en justysje safolle mooglik gegevens hawwe om in saak rûn te krijen. Neffens it Iepenbier Ministearje is dat hurd nedich, om't fan de 40 fertochten dy't yn 2008 oppakt waarden, der noch mar ien feroardield is.