Fiskers net skuldich

Fiskers binne net skuldich oan de minne kokkel- en mokselstân, seit biolooch Corten
Fiskers binne net skuldich oan de minne kokkel- en mokselstân yn de Waadsee. Dat sei biolooch Ad Corten tongersdei by in harksit yn de Twadde Keamer oer de Waad- en Noardsee.
Neffens de biolooch is de stân fan skelpbisten weromrûn troch miljeumaatregels dy't derfoar soargje moasten dat der minder fosfaat yn it wetter kaam. Dêrtroch hiene de kokkels en moksels minder te iten, want dy ite in soad fosfaat.