Dútse jongeren nei Hearrenfean

09 apr 2009 - 22:01

In groep Dútske jongeren giet by Nederlânske skoallen del om te praten oer ferset tsjin diskriminaasje. Se dogge ek in skoalle op It Hearrenfean oan. De jongeren wolle sa sjen litte dat ferset net wat is dat allinnich yn de Twadde Wrâldoarloch plakfûn, mar dat eltsenien him no ek fersette kin tsjin problemen lykas diskriminaasje.

It is de bedoeling dat de learlingen fan de skoallen dy't besocht wurde sels plannen meitsje foar aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)