Cambuur sa goed as útferkocht

09 apr 2009 - 21:23

De wedstryd fan Cambuur freedtejûn tsjin Helmond Sport is sa goed as útferkocht. Der binne noch mar njoggenhûndert kaarten oer. As Cambuur wint, kin de klup neikompetysje feilich stelle.

Yn it seizoen 2001/2002 slagge dat foar it lêst. Cambuur ferlear doe de earste trije wedstriden en koe promoasje wol ferjitte. De wedstryd is live te folgjen by Omrop Fryslân radio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)