Grien ljocht foar Ketlik

De NAM brûkt deselde lampen op de Waadsee
It doarp Ketlik krijt enerzjysunige LED-ferljochting yn it bûtengebiet. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Hearrenfean hat dêrta besluten. It giet om griene LED-lampen. Dat ljocht soarget foar minder fersteuring fan de natoer en boppedat bliuwt it sicht foar minsken goed.
Der wie in soad reboelje om de ferljochting. De gemeente Hearrenfean woe it tsjuster ha wylst it doarp de gewoane lantearnepeallen hâlde woe. Ketlik is entûsjast oer dizze oplossing.