Bern losse sels problemen op

09 apr 2009 - 16:47

Op it Liudger College yn Drachten losse VMBO learlingen tenei sels har konflikten op. In ploechje fan tolve learlingen had dêr in spesjale kursus foar folge.

Doel is no dat learlingen mei in konflikt nei dat groepke ta komme om de boel út te praten. Dosinte Aly Schippers oan it Liudger hat de learlingen oplaat ta bemiddelders. Neffens har prate learlingen it leafst mei klasgenoaten oer har problemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)