Fraude by De Friesland

09 apr 2009 - 13:32

Soarchfersekerder De Friesland hat ferline jier foar 1,2 miljoen euro oan ferkearde deklaraasjes binnenkrigen. 30 tûzen euro is echte fraude.

De Friesland besiket de fraude op te spoaren troch goed dossierûndersyk en mooglike fraudeurs yn de gaten te hâlden. By de fraude fan foarich jier giet it om twa saken: in produsint fan pruken en in fysioterapeut. De prukeman makke ien prúk en brocht twa yn rekken. De terapeut deklarearre behannelings dy't er net dien hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)