Elektromotoaren foar Maleizië

Fritsvan Breemen-Schneider
Jierren lang pielde Frits van Breemen-Schneider yn syn skuorre yn Damwâld om mei elektromotoaren. No sil er yn de mande mei de Maleizyske autofabrikant Proton 40.000 elektryske auto's produsearje.
In jier lyn presintearre Frits van Breemen-Schneider de earste auto mei elektromotor, produsearre mei Stenden Hegeskoalle. De kommende fiif jier is Proton de nije partner. Yn 2014 hopet Proton 260.000 elektryske auto's te meitsjen.