Faaks autoferbod strân Amelân

09 apr 2009 - 11:45

Riedslid Anton Kiewiet fan Ameland '82 is bang dat der dochs in ferbod komt om mei in auto op it strân fan It Amelân te riden. Yn 2007 binne by de gemeente trije klachten ynkaam. Yn 2008 krige de gemeente ien klacht en de plysje trije. Der waard ek in bekeuring útdield en in eilânbewenner stiet yntusken op de swarte list yn ferbân mei meardere oertrêdings.

Neffens Kiewiet is it autoriden op it strân lykas jutte en fiskje in rjocht fan de eilanners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)